| |
|
Aktueel Gjin iepenloftspul yn 2010 - 23-3-2010 Yn Werga is der yn 2010 gjin iepenloftspul. Fia it menu 'links' fine jo ynformaasje oer oare iepenloftspullen yn Fryslân.
DVD Cascada - 25-5-2009De foarstellingen fan Cascada binne foarby!
Wolle jo dochs dizze bysûndere foarstelling (noch) ris sjen, dan kinne jo fia dizze site in DVD bestelle. Kosten: 10 euro (plus eventuele fersjoerkosten).
Ekstra matinee snein 24 maaie! - 16-5-2009Yn ferbân mei de grutte fraach nei kaarten foar Cascada is besletten om in ekstra matinee foarstelling te jaan. De foarstelling is pland op snein 24 maaie, 15:00 oere. De kaartferkeap giet no fuort fan start. Kaarten te krijen fia dizze site of telefoanysk 058 - 255 12 02 (alle dagen tusken 19:00 en 20:00 oere).
De foarstellingen fan woansdei 20 maaie en sneon 23 maaie binne útferkocht, foar de foarstelling freed 22 maaie binne noch kaarten te bestellen.
resinsje [LC 15 maaie 2009] - 16-5-2009
Lys fernuvert har yn wûndere ûnderwetterwrâld
WERGEA - „Hoefolle kilometer bin ik no fallen?" freget Lys har ôf oan it begjin fan de foarstelling `Cascada'. De taskôgers sjogge har yn in fertrage fal nei ûnderen kommen. Se bedarret yn in wûndere ûnderwetterwrâld en dêr sil it publyk him mei har twa kear in lyts oere fernuverje oer frjemde figueren, nuvere keunsten en ûnlogyske petearen. `Cascada' betsjut wetterfal. En der komt wat wetter oan te pas. Oan it begjin fan de jûn falt der ek in bytsje reinwetter - dan is it in noflik idee dat dizze produksje fan de Stichting Iepenloftspul Wergea net yn de iepenloft spile wurdt, mar yn in tinte. In echte sirkustinte, fan Herman Renz. Njonken muzyk en dûns sitte der in soad sirkuseleminten yn dizze bysûndere foarstelling. Akrobatyk bygelyks, ientsjilfytsen, in minsklike kanonskûgel en net te ferjitten in sirkusorkest dat live spilet. Nei in moaie rige goed ûntfongen iepenloftspullen woe de stifting wolris wat oars. En oars is `Cascada' seker. `Lys yn Wetterlân' is de ûndertitel. It wetter is wichtich foar Wergea, de Wergeasterfeart is diel fan de steandemêstrûte fan Akkrum nei Ljouwert en in tal wenten yn de nijbouwyk Grut Palma komt oan it farwetter. `Lys yn Wetterlân' ferwiist fansels ek nei `Alice in Wonderland'. Fan dat mearke-eftige ferhaal fan Lewis Carroll (1832-1898) en it ferfolch, `Alice in Spiegelland', hat Anne Graswinckel mei koreogafe Marit Bamboe in frije bewurking makke. Peter Sijbenga hat de teksten fan de keazen stikken ferfryske. Dat er him mei nocht de wurdboarterij fan Lewis Carroll weage hat, is te fernimmen. Der sitte moaie eigen fynsten yn en ek it ûnsinfers 'Jabberwocky' krijt - nei dy fan Tiny Mulder - in nije Fryske ferzy. Spitich is wol dat je net alles dêr fan meikrije. Foar in part sil dat lizze oan de akûstyk fan de sirkustinte, dy't no ienris net foar tekstteater makke is. En dan jout it ferhaal net it measte hâldfêst, want dat fljocht fan it iene yn it oare - it is in kleurrike trip dy't Lys belibbet, alles feroaret oanienwei. Wa't `Alice' ken, sil guon figueren werkenne, lykas it knyn mei it horloazje, de keninginne dy't ropt `Slaan syn kop derôf!', de huodsjemakker, en fansels Twideldy en Twideldum. Mar yn dizze wetterferzy dûke ek in soad wetterige wêzens op, lykas fisken, kreeften en kwallen, de seekat, wetterleeljes, en oan de ein sit in fiks wetterballet. Fuort nei it skoft hingje seemeerminnen yn de ringen, dy't as griene Kate Bush-kloanen har betoverjende liet sjonge, op de wize fan 'Moving'. Der binne mear besteande nûmers brûkt, fan bygelyks Godley and Creme, Paolo Conte en Ry Cooder, mar der binne ek eigen komposysjes makke. De muzyk leit noflik yn it gehoar, der sitte in pear mearstimmige peareltsjes tusken. It gehiel mist soms wat fan de faasje dy't by sirkus heart - oergongen en petearen ferrinne net altyd like flot. Dat giet wolris ten koste fan de gearhing. Dêr stiet foaroer dat der fisueel in soad te genietsjen falt. Mei de kostúms en de hiele oanklaaiïng hawwe Wolly Prins en har meiwurkers prachtich wurk levere. Ek de beljochting is goed úttocht en docht rjocht oan de spesjale sfear fan de sirkustinte. Toos Tadema (earder te sjen as Jet yn `Ja suster, nee suster') makket fan Lys in flotte ferskining, net benaud om te sizzen wat se tinkt. Der komt in soad jong talint yn de piste, dat moai wat opstutsen hat fan in ferskaat oan workshops. Dat is de winst yn Wergea: romte foar fernijing en aventoer. FEDDE DIJKSTRA
Wergeaster Alice in circusland [LC 8 mei 2009] - 15-5-2009,,Wy wolle altyd wat oars. Dat is ek wol wat de sykte fan it doarp.’’ Die verzuchting is van regisseur Anne Graswinckel van theatervoorstelling ‘Cascade’. Het dorp waar ze het over heeft is haar woonplaats Wergea. ‘Oars’ wil in het geval van Wergea zeggen, dat ze daar dit jaar geen iepenloftspul spelen maar de avonturen van Alice in Wonderland theatraal verbeeden in een circustent. Donderdag is de première. SIETSE DE VRIES
Wergea had in de loop van de jaren negentig met voorstellingen als ‘The Blues Brothers’ en ‘Waking Ned’ een mooie traditie opgebouwd van gedurfde, eigenzinnige iepenloftspullen barstensvol muziek. Alle spelers kwamen uit Wergea, de toeschouwers kwamen uit de verre omgeving. In 2005, na afloop van ‘Lucky Manuelo’, vond de iepenlofspulcommissie dat het tijd werd voor iets anders. Omdat de eis gold dat alle deelnemers in Wergea woonden of er tenminste enige tijd gewoond hadden en er in de winter ook nog grootschalige voorstellingen als ‘Par’ en ‘Ja suster, nee suster’ werden gespeeld, werd er een te zware wissel op het creatieve deel van het dorp getrokken. De Wergeasters voelden zich vanaf dat moment niet meer verplicht om iedere twee jaar met iets nieuws te komen. Mocht zich weer eens iets aandienen dat de moeite van het proberen waard was, dan hoefde het zich bovendien niet beslist in de open lucht af te spelen: iepenloftspullen zijn er genoeg in Friesland. Pas als ze gezamenlijk besloten dat ze iets heel graag wilden, zou er weer iets gebeuren. Dat ‘oare’ werd het circus. Een aantal Wergeasters had een paar jaar geleden Cirque Plume in Leeuwarden gezien en wilde graag iets in die sfeer doen. Toen de vraag opkwam welk verhaal daar bij zou passen, droeg regisseur Anne Graswinckel de klassieke kinderboeken over Alice in Wonderland en Spiegelland van Lewis Caroll aan. ,,By it boardsjedraaien tocht ik daliks oan de ‘mad teaparty’ mei de huoddemakker en de maartske hazze foar wa’t it altyd teetiid is om’t de klok op fjouwer oere stean bleaun is. En by Alice, dy’t ôfdaalt yn it kninehol, tocht ik oan in trapeze- act.’’ Koreografe Marrit Bamboe en Anne Graswinckel hebben ‘De avonturen van Alice in Wonderland’ en ‘De avonturen van Alice in Spiegelland’ herlezen en alle scènes bekeken op de theatrale mogelijkheden. Voor de ontwikkeling van Alice, die door haar vreemde avonturen groeit zonder haar kind-zijn te verliezen, maakten de selectie en de volgorde niets uit, vonden ze. Daardoor konden de beide vrouwen zich zonder problemen laten leiden door de vraag welke scènes uit het boek het best met bepaalde circusacts gecombineerd kunnen worden. ,,Mar sûnder dat it in parade fan acts wurdt. Wy ha der wol soarge dat troch de ôfwikseling fan poëzij, humor en spektakel in bepaalde dramaturgyske line ûntstiet. Wy hawwe Peter Sijbenga frege om de stikken út de boeken dy’t wy útsocht hiene, yn it Frysk oer te setten. Dy hat deselde aardichheid oan taalboarterij as Lewis Caroll, dat wy fûnen him dêr it meast geskikt foar.’’ Sijbenga heeft ook een aantal liedteksten geschreven, maar – hoewel zelf zeer productief als componist – heeft hij deze keer de muziek niet voor zijn rekening genomen. Dat heeft hij overgelaten aan Reinout Weima en zijn band, die het gewend zijn om zelf de muziek voor de iepenloftspullen te verzorgen. Deels hebben ze die zelf gecomponeerd, voor een ander deel hebben ze geput uit bestaand poprepertoire. Op een aantal punten is van de boeken van Lewis Caroll afgeweken. Zo duikt in Wergea een zeemeermin op. Anne Graswinckel: ,,Dat is ien fan myn eigen bernefantasieën, dy ha’k deryn smokkele. Dat fyn ik it moaie fan dizze foarstelling: dat wy ússels tastean om ús eigen wrâld te kreëarjen, krekt sa’t Lewis Caroll dat ek dien hat. Dêrom is it ek goed dat Peter Sijbenga goed nei de boeken sjoen hat. Dat foarkomt dat ús eigen fynsten as losse triedsjes oan it ferhaal komme te hingjen.’’ Anne Graswinckel heeft met haar spelers een heel traject afgelegd voor ze donderdag hun eerste voorstelling spelen. Ze hebben circusworkshops gevolgd en hebben – hoewel uiteindelijk maar twee spelers die uitvoeren – met zijn allen de tango leren dansen. En zelfs als een of twee goed moesten leren touwtjespringen, hebben alle spelers meegesprongen. De zestien spelers nemen samen honderdtien rollen voor hun rekening, ook dat versterkt het idee dat ‘Cascade’ een gezamenlijk iets is. Van die zestien spelers behoren slechts vijf tot het mannelijke geslacht. Dat is volgens Anne Graswinckel geen toeval. ,,In soad manlju fûnen it mar neat dat it ferhaal fan de foarstelling eins nearne oer giet. Se binne wend oan stikken oer leafde en striid wêryn’t de haadpersoan fan alles trochmakket en dêr as in oar minske út te foarskyn komt. Dit fûnen dy manlju neat. En doe’t se hearden dat se allinne mar in knyn en in rûp hoegden te spyljen, hoegde it om har hielendal net mear.’’ Maar hoeveel workshops de spelers ook hebben gevolgd, de belangrijkste bijdrage aan de circussfeer levert de tent. Wergea kon de oude tent van circus Herman Renz huren. Zeventien Roemenen en Bulgaren hebben het gevaarte eind maart een eindje buiten het dorp opgezet. Wie de donkerblauwe tent met sterretjes bovenin en het zaagsel op de vloer binnenstapt, waant zich meteen in een echt circus. Wat daarvan afwijkt, is het grote ronde podium van een meter hoog en met een middellijn van tien meter. De Wergeasters zouden ‘Cascade’ eerst gewoon op de grond spelen, maar toen ze bedachten dat er voor een bepaalde scène iets uit de grond omhoog moet komen, moesten ze kiezen: een groot gat graven of een podium bouwen. Anne Graswinckel: ,,Der is net folle dekor. Der wie foar de bouploech net in soad te dwaan, dat de bouwers wiene bliid dat se echt wat dwaan koene.’’ De regisseur proeft bij elke repetitie de magie van het circus. ,,De sirkustinte, de merke mei de botsauto’s en de sjittinte dy’t opboud wurdt, dat binne dingen dy roppe in bernige ferwachting by de minsken op. Dat past by dit stik, by it grut wurden sûnder jins ûnskuld te ferliezen. Hjir barre dingen dy’t in minske mar ien kear yn syn libben oerkomme.’’
|
|
|
LÊSTE NIJS
Gjin iepenloftspul yn 2010... 23-3-2010 DVD Cascada... 25-5-2009 Ekstra matinee snein 24 maaie!... 16-5-2009 resinsje [LC 15 maaie 2009]... 16-5-2009 Wergeaster Alice in circusland [LC 8 mei 2009]... 15-5-2009 Bijzondere productie in circustent Wergea [Mid Frieslander 12 mei 2009]... 13-5-2009 matinee útferkocht!... 7-5-2009 Start kaartferkeap... 3-5-2009 Sirkustinte... 6-4-2009 Kaartferkeap [Havensbank maart '09]... 29-3-2009 |
|