Jou dy op foar it iepenloftspul 2016


Schermafbeelding 2016-03-19 om 17.50.41

Dat der in soad talint yn Wergea omrint hoege we jim net te fertellen. Mar wêr’t no krekt al dat talint yn Wergea sit, dat kin eins net ien ús presiis fertelle.Om te foarkommen dat guon minsken as in gek foar de rûten stean te springen as ien fan de kommisjeleden tafallich troch de buorren giet, jouwe we no elkenien yn Wergea fanôf 16 jier de kâns om de kommisje witte te litten dat se ek graach in kear meispylje wolle yn it iepenloft. En wa wit….?!

Stjoer dêrom foar 1 july in mail mei deryn dyn gegevens (namme, adres, leeftyd en foto!) nei info@theosmedes.nl

It iepenloftspul spilet yn 2016 in bewurking op de film O, Brother where art thou fan de Coen Brothers. Yn jannewaris 2016 starte we mei de repetysjes en yn juny 2016 binne de foarstellingen.

Groetnis,

Kommisje Iepenloftspul Wergea

Share :
Related Posts

Geef een reactie

%d bloggers liken dit: