2009 Cascada

'Iepenloftspul' yn in sirkustinte

In iepenloftspul yn in grutte sirkustinte, in prachtige ambiânse! In mearke, útfierd troch in breed ferskaat oan Wergeaster artysten. Wetter spile in wichtige rol, mei dêrnjonken as tema’s: byldzjend teater, sirkus, wrâldmuzyk en magy. Mei live-muzyk útfierd troch Wergeaster muzikanten.

De ferhalen fan Lewis Caroll

Cascada is basearre op ferhalen fan de Ingelske skriuwer Lewis Carroll (1832 – 1898): Alice’s Adventures in Wonderland en Through the Looking Glass. Ferneamde berneferhalen dy’t ferfilme binne troch de Disney-studio’s en dêr’t ûnder mear it RO-theater in teaterfoarstelling fan spile hat. In grut tal fan de bysûndere karakters út de boeken komt ek yn Cascada foarby: de wite knyn, Tweedle-dee en Tweedle-dum en de hartekeninginne. Yn de boeken én yn it iepenloftspul wurdt boarte mei de regels, mei magy, fantasij, taal en logika.

Klik op de foto foar it hiele album.