De Amearikaanske filmkomeedzje fan de bruorren Joel en Ethan Coen út 2000 “O Brother, Where Art Thou?” tsjinnet as basis foar it iepenloftspul ‘De Suvering’. De troch Homerus fêstleine omswervingen fan Odysseus wurde nochris oer dien yn Mississippi, Amearika anno 1937.
Untsnapte finzenen
Trije finzenen ûntsnappe it gefang en gean op syk nei de skat dy’t ien fan har trijen bedobbe hat. Se ha mar in pear dagen de tiid om de skat werom te finen, want de fallei dêr’t it leit sil gau, fanwegen it ôfdamjen fan de rivier, folrinne mei wetter…
Frjemde tûkelteammen en nijsgjirrige figueren
Op wei nei de skat komme de trije jongkeardels, Everett Ulysses McGill, Pete Hogwallup en Delmar O’Donnel, yn ferskillende nuvere situaasjes terjochte. Underweis komme se frjemde figueren op harren paad tsjin, wylst se flechtsje foar it gesach. En dan reitsje se Pete ek nochris kwyt…
Op tiid foar it wetter?
Sille de trije, nettsjinsteande religieuze obstakels, famyljeperikels en politike flauwekul, út hannen fan de plysje bliuwe en op it rjochte paad telâne komme? En op ‘e tiid by de skat wêze? En binne se úteinlik wier suvere?
Foarstellingen fan ‘De Suvering’
De produksje rint oer fan komyske plots, dûbeldsinnige ferwizingen en orizjinele dialogen. Der wurdt gebrûk makke fan in bysûnder dekôr dêr’t de broeierige sfear út de jierren 30 ekstra oanset wurdt. De begeliedende muzyk is in miks fan country, blues, bluegrass- en folksongs.
Iepenloftspul Wergea spilet op 15, 17, 18, 22, 24 en 25 juny de foarstelling ‘De Suvering’ op de âld suvering yn Wergea. Wolle jo op de hichte bliuwe fan de tariedings? Folgje ús dan op Facebook, Twitter, Instagram of YouTube.