2013 Sywart de Soap

Trailer

Sywart, in kreaze opteine jongkeardel dy’t yn in lyts Frysk terpdoarpke wennet. Sa op it earste gesicht neat bysûnders, sa op it earste gesicht in bytsje sleau sels. It doarpke, ek sa kreas as in krúsbei; in goed ûnderhâlden tsjerkje en kreaze ynwenners yn goed fersoarge wenningen. Sa op it earste gesicht…

Niks is wat it liket

Mar it sit oars! Want alles is mar dekor yn in soap dy’t alle dagen miljoenen minsken foar it byldskerm hâldt. En alle kreaze ynwenners binne akteurs dy’t alle dagen wer harren rol spylje. En dan is der wat bysûnders oan ‘e hân; ien persoan is gjin akteur, Sywart. Dizze haadrolspiler wit net better as dat de soap mei alles der omhinne it wiere libben is, hy wennet fan syn berte ôf yn it dekor.

De wiide wrâld yn

Sywart is lykwols net oars as generaasjes minsken foar him; hy is nijsgjirrich nei it lân achter de hoarizon, hy wurdt ûnrêstich fan de deistige rûtine en krekt as de minske hûndert tûzenden jierren lyn út Afrika teach om de wrâld te ferkennen, sa wol ek Sywart út it lytse doarpke wei, de wiide wrâld yn.

Gjin soap sûnder Sywart

Mar in súksesfolle soap sûnder de tige populêre haadpersoan, dat kostet sjoggers, sponsors, ynkommen, prestiizje. Op it lêst sil de soap ophâlde moatte en dat mei net gebeure. Hjir wurdt it deilis tusken produsint en haadrolspiler. En it is folslein net te foarsizzen hoe’t dit ôfrinne sil.

Opnames bywenje

Foar it earst wie yn Fryslân in Fryske real-live soap live te folgjen. By de opnames fan in oantal ôfleveringen fan dizze súksesfolle produksje waard der publyk talitten. Dit wiene dan de foarstellingen fan it iepenlofstpul. It wie dus mogelyk om as taskôger in ôflevering van dizze bysûndere soap by te wenjen! Fia in aparte site, fia de Fryske media en fia de sosjale media waard eltsenien op de hichte holden.

Kompilaasje

Klik op de foto foar it hiele fotoalbum. Of binne jo op de foto west mei Sywart foar of nei ien fan de foarstellingen? Besjoch dan de folgende albums:

Of besjoch de oare fotoalbums fan Sywart de Soap:

Teaser

Mear fideo’s fan Sywart de Soap