Sûnt 1989

Stifting Iepenloftspul Wergea

It Wergeaster iepenloftspul heart sa njonkenlytsen ta ien fan Fryslâns tradysjes: yn 2016 stiet it foar de alfde kear op it programma. Sûnt 1989 wurdt der ien kear yn de pear jier soarge foar in unike kombinaasje fan toaniel, muzyk, sang en dûns op lokaasje yn de iepenloft.

It ûntstean fan it Iepenlofspul Wergea

Yn 1989 kamen de Wergeaster freonen John Bamboe (†) en Jan Tysma op it wylde idee om ris in iepenloftspul yn it doarp te organisearjen.

Wêrom ek net? Se rôpen noch in pear doarpsgenoaten by elkoar en mei elkoar soarge dy kommisje foar Buorkjende Bisten, it earste Wergeaster iepenloftspul. Dat waard in sukses en soks ferplichtet ta nochris wer in iepenloftspul. Fan it ien komt it oar en sa ûntstie de fêste tradysje fan earst in twajierliks barren en letter kaam der soms wat mear tiid tusken.

Iepenloftspul as organisaasje

Fryslân hat in ryk ferskaat oan iepenloftspullen. It iepenloftspul Wergea wol bekend stean as in Frysk iepenloftspul dat alle kearen hiel wat nijs bringt. It leafst in stik dat it Fryske publyk net earder sjoen hat.

Iepenloftspul in eigen produksje

Oars as alle oare Fryske iepenloftspullen is dat it Wergeaster iepenloft altyd in folslein eigen produksje is, organisearre en spile troch (âld) ynwenners fan it doarp. Mei elkoar binne der altyd mear as 100 Wergeasters yn it spier om der wer wat moais fan te meitsjen.

It skaaimerk is muzyk

In opfallend skaaimerk fan it Wergeaster iepenloftspul is de muzyk. Alle kearen makket (pop)muzyk in yntegraal part út fan it toanielbarren. In spesjale gelegenheidsband soarget dêrfoar.